Ried & Kommisjes
De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân bestiet út 37 leden. De 37 riedssitten binne ferdield oer 10 fraksjes. Ynformaasje oer de ferdieling fan sitten en de gearstalling fan de kommisje lêze jo by Gearstalling ried en riedskommisjes.

Boargemaster & Wethâlders
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders (B&W) is it deistich bestjoer fan de gemeente. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân bestiet it kolleezje út de boargemaster en fiif wethâlders.

Organisaasje
‘Súdwest Fryslân, in unyk gearhingjend gebiet mei in rike kultuer en histoarje'
Wy achtsje it in grutte útdaging om al ús 82.000 ynwenners de tsjinsten te ferlienen dy't se winskje. Mei likernôch 800 meiwurkers wurkje wy dêr hurd oan.