Kommisje beswierskriften
De gemeente Súdwest-Fryslân hat in ûnôfhinklike kommisje ynsteld foar it ôfhanneljen fan beswierskriften, de leden binne beneamd troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
De kommisje bestiet út twa keamers, de algemiene keamer en de sosjale keamer. De sosjale keamer hat op 10 febrewaris l.l. de spits ôfbiten mei de earste harksitting. Op 15 febrewaris hat de algemiene keamer de earste harksitting hân. De harksittingen fan de algemiene keamer binne yn prinsipe iepenbier en kinne jo bywenje. Op de wurklist stiet oanjûn hoe let hokker saak oan de oarder komt. De harksittingen fan de sosjale keamer binne net iepenbier, omdat dêr faak privacy-gefoelige gegevens oan de oarder binne.
Wolle jo mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei de sekretaris fan de beswierekommisje fia 0515 - 48 90 00.
De kommisje beswierskriften bestiet út twa keamers, de algemiene keamer en de sosjale keamer. Beide keamers komme ienris yn de fjirtjin dagen gear. De algemiene keamer yn prinsipe op tiisdeitemiddei, de sosjale keamer yn prinsipe op tongersdeitemiddei.
De algemiene keamer bestiet út de folgjende persoanen:
Foarsitter:
- De hear mr. L.P.A. van Kats
Plakferfangend foarsitter en lid:
- Frou mr. B. Kroese-Rink
Leden:
- Frou mr. A. Dam
- De hear mr. M.M. Nicolai
- De hear mr. H. de Roode
- Frou M. de Vries
De sosjale keamer bestiet út de folgjende persoanen:
Foarsitter:
- De hear mr. drs. J.H.G.H. Ananias Msc PMP
Plakferfangend foarsitter en lid:
- De hear mr. J.H.A. Hazelhoff
Leden:
- Frou mr. E.J. de Boer
- De hear mr. G.H. de Boer
- De hear A. Wouda
- De hear B. Heijs
- Wurklisten
Beide keamers fan de kommisje beswierskriften komme ienris yn de fjirtjin dagen gear. De wurklisten fan de algemiene keamer pleatse we hjir, dy gearkomsten binne iepenbier.