Nederlannerskip
Yn Nederlân jildt de Wet ynboargering. Dizze wet soarget der foar dat eltse ynboargeraar leart om de Nederlânske taal te praten en te begripen. Dêrneist is it wichtich dat ynboargeraars de Nederlânske mienskip kennen leare. Dan kinne se harren selsstannich rêde yn Nederlân.
De gemeente wol de ynboargeraars sa goed mooglik helpe om oan harren ynboargeringsplicht te foldwaan. Guon ynboargeraars ha allinnich stipe nedich by it finen fan in goed ynboargeringstrajekt. Foar oaren is it wichtich dat de gemeente it trajekt regelt. It útgongspunt fan de gemeente is sa folle mooglik ynboargeraars in ynboargeringstrajekt fan goede kwaliteit oan te bieden. Yn ús digitale loket kinne jo mear lêze oer ynboargering.
Wat betsjut ynboargerje?
Ynboargerje betsjut:
- Nederlânsk begripe, prate, lêze en skriuwe
- Witte hoe’t we yn Nederlân meielkoar mienskip binne
As eltsenien Nederlânsk praat en de Nederlânske mienskip goed kent, kinne we elkoar goed begripe.