Bedriuwekontaktfunksjonaris
It bedriuweloket: foar alle fragen fan ûndernimmers
Foar al jo fragen oan de gemeente kinne jo terjochte by it gemeenteloket. Ien fan de twa bedriuwekontaktfunksjonarissen is jo fêste oansprekpunt foar alle produkten en tsjinsten fan de gemeente. Hawwe jo in fraach, opmerking of klacht? Jo ûntfange binnen twa wurkdagen in reaksje fan it bedriuweloket.
Nimt it trajekt mear tiid yn beslach? De bedriuwekontakfunksjonaris fan de gemeente Súdwest Fryslân hâldt jo op de hichte fan de stân fan saken.
Wa docht wat?
Yn de nije gemeente wurkje we rjochte op de brânsj. Jo kinne terjochte by ien fan de folgjende bedriuwekontaktfunksjonarissen:
Hannel, yndustry, ûnderwiis, soarch en tsjinstferliening: Hendrik Buwalda (tel. 06 50 50 26 55, mail: h.buwalda@gemeenteswf.nl)
Rekreaasje, lânbou en hoareka: Jacques van den Bosch (tel. 06 46 04 26 38, mail: j.vandenbosch@gemeenteswf.nl)