Bedriuweterreinen
Súdwest Fryslân is in poerbêst fêstigingsplak foar tal fan bedriuwen, kantoaren en ynstellingen. De wurklokaasjes fan Súdwest Fryslân binne tige goed ûntsletten fia de sintrale ynfalswegen en goed te berikken mei it iepenbier ferfier. De gemeente Súdwest Fryslân telt sawat 580 bunder bedriuweterrein ferdield oer 23 bedriuweterreinen. Hast in kwart dêrfan hat kavels dy't oan it wetter lizze en húsfestet bedriuwen dy't oan it wetter bûn binne.
-
Keapsneinen
Om't de hiele gemeente Súdwest-Fryslân oanwiisd is ta 'toeristyske gemeente' meie alle winkels op snein iepen wêze fan 08.00 oere ôf oant 20.00 oere.
Dit bestjut net dat ek alle winkels iepen binne. Sa hawwe de ûndernimmers yn de binnenstêd fan Snits meiinoar ôfpraat dat elke 1e snein fan de moanne in keapdei is.
Supermerken en oare winkels dy't rjochte binne op de toerist binne wol yn de simmermoannen alle sneinen iepen, meastentiids wol beheind yn de tiid. -
Ekonomy
It ekonomysk profyl fan Súdwest Fryslân wurdt karakterisearre troch de dynamyk om de stêden hinne, benammen op de knipepunten fan wetter en wegen. Der binne 56 wurklokaasjes, 6.000 bedriuwen en sawat 30.000 arbeidsplakken yn Súdwest Fryslân. De sektoaren mei de measte wurkgelegenheid binne: yndustry, hannel en reparaasje, soarch en tsjinstferliening. Nei ferwachting is likernôch 10% fan de wurkgelegenheid yn it gebiet relatearre oan rekreaasje en toerisme.
-
Keurmerk Feilich Ûndernimme
Der is gjin ûndernimmer dy't net meiprate kin oer fandalisme, agresje of stellerij. It is in mienskiplik probleem dêr't eins allinnich troch gearwurking wat oan dien wurde kin. It Keurmerk Feilich Ûndernimme (KVO) helpt ûndernimmers, gemeenten, plysje en brânwacht om mei-elkoar de feilichheid yn winkelgebieten en op bedriuweterreinen te ferbetterjen.