Om boppeneamde redenen hawwe de ûndernimmers fan de ferskate bedriuweterreinen yn Súdwest-Fryslân, wêrûnder yn Snits op 't Ges, De Hemmen en Houkesleat en yn Boalsert op De Marne, it KVO-sertifikaat helle. Dat keurmerk jout jo bedriuw mearwearde. Mei dat keurmerk litte we sjen dat der yn Súdwest-Fryslân poerbêste lokaasjes binne om saken te dwaan. Neist in goeie priis en omtinken foar duorsumens is ek feilichheid in wichtich pluspunt foar in bedriuweterrein.
Keurmerk Feilich Ûndernimme
Der is gjin ûndernimmer dy't net meiprate kin oer fandalisme, agresje of stellerij. It is in mienskiplik probleem dêr't eins allinnich troch gearwurking wat oan dien wurde kin. It Keurmerk Feilich Ûndernimme (KVO) helpt ûndernimmers, gemeenten, plysje en brânwacht om mei-elkoar de feilichheid yn winkelgebieten en op bedriuweterreinen te ferbetterjen.