Ynvestearringssônes
Yn ús gemeente wurkje ûndernimmersferieningen op trije lokaasjes gear oan de ynfiering fan in Bedriuwe-Ynvestearringssône (BIZ). In BIZ is in gebiet wêryn't ûndernimmers ynvestearje yn it befoarderjen fan leefberheid, feilichheid, romtlike kwaliteit of in oar publyk belang yn de iepenbiere romte. Troch de oprjochting fan in BIZ kinne ûndernimmers de kosten fan de ynvestearringen diele. In BIZ is dus in ynstrumint fóár en tróch ûndernimmers.
Yn de binnenstêden fan Boalsert en fan Snits wurdt in BIZ ynfierd. Dêrneist wurdt op de bedriuweterreinen fan Boalsert in BIZ ynfierd. Troch de ynfiering fan de BIZ wurdt in ekstra ympuls jûn oan de ekonomyske fitaliteit fan de binnenstêden en wurdt de kwaliteit fan de bedriuweterreinen nei in heger nivo brocht. De ynfiering fan de BIZ koe allinnich trochgean as ûnder de ûndernimmers genôch draachflak wie. Sawol yn Boalsert as yn Snits hat út de stimmingen bliken dien dat der foldwaande draachflak is om de BIZ yn te fieren.
-
Keapsneinen
Om't de hiele gemeente Súdwest-Fryslân oanwiisd is ta 'toeristyske gemeente' meie alle winkels op snein iepen wêze fan 08.00 oere ôf oant 20.00 oere.
Dit bestjut net dat ek alle winkels iepen binne. Sa hawwe de ûndernimmers yn de binnenstêd fan Snits meiinoar ôfpraat dat elke 1e snein fan de moanne in keapdei is.
Supermerken en oare winkels dy't rjochte binne op de toerist binne wol yn de simmermoannen alle sneinen iepen, meastentiids wol beheind yn de tiid. -
Ekonomy
It ekonomysk profyl fan Súdwest Fryslân wurdt karakterisearre troch de dynamyk om de stêden hinne, benammen op de knipepunten fan wetter en wegen. Der binne 56 wurklokaasjes, 6.000 bedriuwen en sawat 30.000 arbeidsplakken yn Súdwest Fryslân. De sektoaren mei de measte wurkgelegenheid binne: yndustry, hannel en reparaasje, soarch en tsjinstferliening. Nei ferwachting is likernôch 10% fan de wurkgelegenheid yn it gebiet relatearre oan rekreaasje en toerisme.
-
Keurmerk Feilich Ûndernimme
Der is gjin ûndernimmer dy't net meiprate kin oer fandalisme, agresje of stellerij. It is in mienskiplik probleem dêr't eins allinnich troch gearwurking wat oan dien wurde kin. It Keurmerk Feilich Ûndernimme (KVO) helpt ûndernimmers, gemeenten, plysje en brânwacht om mei-elkoar de feilichheid yn winkelgebieten en op bedriuweterreinen te ferbetterjen.